Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 4: Raffelich realisme

Omslag van Literêre 4-stêdetocht - Lêzing 4: Raffelich realisme

Nyk de Vries

ISBN: 9789460380709

Digitaal luisterboek | 01:08:47 uur | 03 mei 2012

€ 5.00

De finish-lêzing fan de Literêre 4-Stêdetocht giet oer in nijsgjirrich ûnderwerp dêr't net earder ûndersyk nei dien is.

Begjin 1996 sette in lyts groepke studinten yn Grins útein mei in literêr tydskrift yn it Frysk. It begûn as in aardichheidsje, mar as tydskrift krige de De Blauwe Fedde stadichoan mear lêzers. It waard in poadium foar in nije generaasje fan jonge skriuwers, dy't net de barrikaden opsochten, mar op iroanyske wize skreaunen oer it deistich libben, mei al syn banaliteiten, rare setten en humor. De Blauwe Fedde hat bestien oan de ein fan 2002 ta, mar mooglik is der in nije Frysk literêre streaming út ûntstien.

Nyk de Vries, studint skiednis yn dy tiid, wie der sels by. Hy beskriuwt de beweging en jout syn fisy op de takomst fan de Fryske literatuer, de mooglikheden foar fernijing en de tapassing fan de nije media troch skriuwers. Hy is û.o. bekend as performer fan 'proazagedichten', hiel koarte ferhalen. Syn nijste bundel hjit: De dingen gebeuren omdat ze rijmen.

Lees meer

Lees minder

Details

  • ISBN: 9789460380709
  • Auteur(s): Nyk de Vries
  • Prijs: € 5.00
  • Verschenen: 03 mei 2012
  • Taal: Fries
  • Speelduur: 01:08:47 uur
  • Bindwijze: Digitaal luisterboek
  • Uitgever: Audiofrysk

Thema

Beschikbaar als

  • Digitaal luisterboek (huidig) € 5.00